Mear skulpbisten yn Waadsee

21 apr 2014 - 12:27

It giet opfallend goed mei de skulpen yn de Waadsee. Dat blykt út ûndersyk fan professor Theunis Piersma fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy krijt dúdlike sinjalen dat foaral de lytse skulpbisten lykas kokkels en nonnetjes wer werom komme.

Goed tweintich jier lyn sloech Piersma noch alaarm oer it masjinaal fuortfiskjen fan de skulpen út it Waad. Dat hie grutte gefolgen foar de fûgels dy't ôfhinklik binne fan dy skulpen. Mei de skulpen komme no ek de fûgels wer werom. Neffens Piersma kinne wy betiden wer grutte oantallen mientsen sjen.

It ûndersyk nei dizze fûgels hat sels in perioade stillein omdat se net mear yn it Waad foarkamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)