Frou (52) befrijd út har auto

© ANP
In 52-jierrige frou út Oerterp is sneintemiddei troch de brânwacht befrijd út har auto. De frou botste op de krusing fan de Bouekers mei de Kupersleane yn har wenplak tsjin in oare auto. Dy waard bestjoerd troch in 20-jierrige man út itselde plak. Dizze man en syn freondinne binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.