KNRM bliid mei nijs oer fisker

21 apr 2014 - 11:36

De KNRM is opluchte dat it goed ôfrûn is mei it bemanningslid fan de Urker fiskkotter. Neidat de man sneon as fermist opjûn waard, waard in grutte sykaksje hâlden, dêr't ek de KNRM by ynset waard. Snein die bliken dat de man net oerboard slein wie of himsels te koart dien hie. Hy is gewoan fan board gien en nei syn wenadres yn België reizge.

De KNRM is bliid dat de man it oerlibbe hat, seit in wurdfierder. De rêdingsmaatskippij sil de kosten dy't makke binne mei de sykaksje ek net op de man ferhelje.

Rêdingen binne altyd fergees, dat stiet yn de statuten fan de KNRM, neffens de wurdfierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)