Motorrider ferwûne by Hylpen

21 apr 2014 - 11:31

In 43-jierrige motorrider út Súdwest-Fryslân is sneintemiddei ferwûne rekke by in botsing mei in auto. De man kaam op de krusing fan de Easterdyk en de Lange Leane by Hylpen yn botsing mei de auto. Dêrby bruts er in skonk en moast er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. De Dútske bestjoerder fan de auto en syn frou rekken net ferwûne by it ûngelok. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de botsing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)