Ferlies De Hoeve by Wageningen
De kuorballers fan De Hoeve hawwe snein mei 19-14 ferlern yn en fan Wageningen. Yn de earste helte holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Nei in kertier stie der in tuskenstân fan 4-5 op it boerd yn it foardiel fan de Fryske ploech fan trainer Sake Koelma. By rêst socht De Hoeve de klaaihokken op mei in 8-10 foarsprong.
Yn de twadde helte naam Wageningen de lieding lykwols oer en rûn fan 15-14 út nei 17-14. Dêrmei wie it ferset brutsen by De Hoeve en pakte de thúsploech in romme oerwinning.