Sven Kramer mei de skrik frij

© awfoto.nl
Sven Kramer kaam sneon op de 500 meter by it wrâldkampioenskip yn Moskou mei de skrik frij. Op it lêste rjochte ein kaam de Europeesk kampioen oant twa kear ta mei syn reed oer de line. De wedstriidlieding hat de bylden sekuer besjoen en dêrnei besletten om gjin diskwalifikaasje út te sprekken. De klapreed wie net hielendal oer de line. Kramer einige as achtste yn 36.70. De Poal Brodka wûn yn 36.24, foar Koen Verweij yn 36.26.