Foar tredde kear de fout yn

20 apr 2014 - 12:19
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in 16-jierrige scooterrider út de haadstêd oanhâlden op de Henri Dunantwei. Hy hie gjin rydbewiis by him en it wie al de tredde kear dat dat barde. De plysje hat de scooter yn beslach naam. De jonge krige ek in boete om't de scooter in te heech fermogen hie.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)