Brânlucht fan peaskefjoeren

20 apr 2014 - 12:07

In soad minsken melde sneintemoarn op Twitter dat se in brânlucht rûke. Ek út Fryslân wei komme de meldings. Neffens de plysje hoege minsken net benaud te wêzen dat der brân is. De rook komt nei alle gedachten fan peaskefjoeren yn Dútslân en Nederlân. Yn grutte parten fan it lân is de brânlucht te rûken fanwege de east- oant noardeastewyn.

Dit wykein wurde hûnderten peaskebulten yn de brân stutsen neffens âlde tradysje. It kin oerlêst yn de foarm fan smog jaan. Yn Fryslân binne sa'n 50 peaskebulten.

Trefwurden: 
peaskebult brânlucht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)