Boksbûgel yn beslach nommen
Oan de Severander yn Frjentsjer hat de plysje sneontenacht in boksbûgel yn beslach nommen. De plysje kaam tafallich foarby en seach dat in man fan 43 jier by de bushalte stie, mei it ferbeane wapen oan syn riem. Hy is oanhâlden en it wapen is yn beslach nommen. De man komt út Poalen en hat gjin fêst adres yn Nederlân.