De Wiko's: Peaskemoandei op tv

20 apr 2014 - 11:18

De hichtepunten út it ôfskiedskonsert fan De Wiko's binne Peaskemoandei by Omrop Fryslân op televyzje te sjen. Frontman Kobus Algra naam mei in konsert yn oktober ôfskied fan it publyk. Ein maart is er ferstoarn. It programma fan in oere is moarns te sjen.

Om 12.00 oere is it Frysk Diktee nochris te sjen en om 13.00 oere begjint it lêste ûnderdiel fan it Nostalgywykein, mei de dei fan it stimmingsorkest. Dat wurdt foar de tredde kear hâlden. Te gast is Arie Ribbens en Geert van Tuinen praat mei eigeners fan ferneamde Fryske dancings.

Peaskesnein wurdt op televyzje om 12.00 oere it Frysk Diktee werhelle, folge troch de twadde dei fan it Nostalgywykein mei De Gouden Finylmiddei. Harm Weistra draait op in platespiler platen út de jierren '70.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân De Wiko's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)