Epke Zonderland yn twa finales

Epke Zonderland © ANP
Epke Zonderland komt snein yn aksje op de tastelfinales op brêge en rek yn it Sloveenske Ljubljana by de wrâld challenge cup. Oan 'e rekstôk gong de Olympysk kampioen mei it heechste puntetal nei de bêste acht. Mei syn skoare fan 16.100 bleau er syn ploechmaat Bart Deurlo (15.800) rom foar. Achter de Oekraïner Oleg Vernjajev waard er by de kwalifikaasje op brêge twadde. Ljouwerter Michel Bletterman turne sneon de finale op it ûnderdiel foltiizje. Hy waard fiifde. Yuri van Gelder (ringen) en Casimir Schmidt (flier) hellen goud.