ONS Boso moat punten diele

Topklasser ONS Boso Snits pakte sneon in 1-1 lykspul tsjin Kozakken Boys. Op it Sudersportpark hienen de Snitsers in min begjin. Nei acht minuten kaam ONS op efterstân troch in eigen doelpunt fan Ale de Boer. Nei in lyts healoerke brocht Chris de Wagt de stân mei in frije traap wer yn lykwicht: 1-1. Nei rêst krige Curty Gonzales de bêste kâns op de 2-1, mar hy miste foar iepen goal. Ek Danny Kampstra wie ticht by de winnende treffer.
ONS Boso Snits komt troch it lykspul op 42 punten út 28 wedstriden en stiet as debutant kreas sânde.