Fytster ferwûne by botsing

18 feb 2012 - 12:23

In frou (76) út Easterwâlde is freed ferwûne rekke by in oanriding. Se fytste de Quadoelenweg op, mar seach dêrby in auto oer de holle. De bestjoerster (27) út Boijl koe in oanriding net mear foarkomme. De frou op de fyts foel en rekke ferwûne oan de holle. Se is mei de sike-auto nei Nij Smellinge yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)