Dief yn fersoargingshûs pakt

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (51) is dizze wike op de died betrape doe't er op it dievepaad wie yn in fersoargingshûs yn Ljouwert. In bewenster yn it hûs oan de Trosdravik trappearre him tiisdei yn har keamer. Se warskôge fuortdaalk it personiel en de plysje. De man is oanhâlden, de plysje tinkt dat er ferantwurdlik is foar mear ynbraken yn wenningen en fersoargingshuzen.