Undersyk Jobbegea rint noch

19 apr 2014 - 13:38

De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de dea fan in 46-jierrige man út Jobbegea. Dy is tongersdeitemiddei fûn yn syn hûs yn de strjitte De Line. Oer wat der bard is, kin de plysje noch neat sizze. Wol is it buertûndersyk yntusken klear. Ek dêrút is noch net dúdlik wurden oft fan in misdriuw sprake wêze soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)