'Fermissing is mystearje'

De kaptein fan de Urker fiskkotter, dêr't in bemanningslid fan fermist wurdt, neamt it in mystearje wat der bard is. Mooglik hat er himsels tekoart dien. De fermiste man kaam út België en wie masinist op it skip. Neffens de kaptein hat de bemanning sneontemoarn betiid mei elkoar kofje dronken en dêrnei is de Belch nei syn hut gien. Doe't it skip in pear oeren letter yn de haven fan Harns kaam, woenen se him wekker meitsje en die bliken dat de man fuort wie. Ek syn tas wie fuort. Wol fûnen se in briefke dat de plysje no hat foar ûndersyk.
Helptsjinsten sykje massaal by Flylân en Skylge. Om't net dúdlik is wêr't de man fan board rekke is, wurdt yn in grut gebiet socht. Tsien rêdingsboaten fan de KNRM, twa helikopters, in bergingsskip en in fleantúch fan de Kustwacht sykje nei de man. Ek plysje en dûane, Kustwacht en de Maresjesee binne belutsen. Se sykje benammen op de Waadsee.