Dief trappearre mei lokfyts

19 apr 2014 - 12:05
Foto: ANP XTRA

Yn Ljouwert hat de plysje freed in 16-jierrige jonge út de stêd oanhâlden nei't er in lokfyts stellen hie. De lokfyts wie by it Cambuurplein ynset om't dêr geregeld fytsen stellen wurde. De plysje koe de fyts fia GPS folgje. Yn de Goudenregenstraat sprutsen se de jonge oan. Hy is oanhâlden.

Trefwurden: 
plysje stellerij lokfyts
(advertinsje)
(advertinsje)