Oerlêst troch hout op spoar

19 apr 2014 - 10:44

Treinferkear by It Hearrenfean hat freed lêst hân fan stikken hout dy't ûnbekenden op it spoar lein hiene. Treinen moasten dêrtroch stadiger ride. De plysje hat it hout fuorthelle, mar hat de dieders noch net fûn. Nei alle gedachten giet it om bern. Dy plysje moast Op de Amelandlaan ek optrede tsjin bern dy't oan it boartsjen wiene op in ferbean terrein. Earder hiene omstanners dêr al wat fan sein, mar dêr lutsen de bern har neat fan oan.

Trefwurden: 
plysje It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)