Autobrannen yn Snits

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Snits in helikopter ynset by de syktocht nei de dieder of dieders fan autobrannen. Op de Voorzoom yn de stêd brânden fjouwer auto's út. De syktocht hat gjin resultaat hân, it ûndersyk giet dêrom troch.
De plysje seit al in soad ynformaasje te hawwen fan buertbewenners, mar nije tips binne noch wolkom.