Plan sintrum Frysk ierdewurk

It Harnzer Ierdewurk- en Tegelfabryk is de ôfrûne moannen flink ferboud en in grut part fan de masines en foarried is nei in depot brocht. Der lizze fiergeande plannen om it ieuwenâlde fabryksgebou oan de Foarstrjitte yn te rjochtsjen as 'beleefcentrum' fan Frysk ierdewurk. Op dit stuit wurdt wurke oan in ûndersyk nei de mooglikheden. Yn it takomstige sintrum is gjin romte foar it opslaan fan in grutte foarried oan wurken.
Foar it Harnzer Ierdewurk- en Tegelfabriek is dat in reden om dizze dagen in part fan de foarried oan tradisjoneel ierdewurk mei hege koarting te ferkeapjen.