Snieûle fan Flylân is opset

18 apr 2014 - 17:18

Preparateur Chris Hamstra fan Harns hat de snieûle, dy't begjin maart dea fûn waard op Flylân, opset. De seldsume snieûle komt nei alle gedachten fan de toendra's út Skandinavië en is op it waadeilân hingjen bleaun. It úthongere bist oerlibbe it úteinlik net troch it ûntbrekken fan geskikt fretten op Flylân. Yn Wageningen is de fûgel ûndersocht.

Hamstra hat wol faker in snieûle opset, mar noch nea in wyldenien. It wie foar him in bysûndere put. De preparateur hat der sawat fjouwer wiken mei dwaande west.

De snieûle, in wyfke fan sa'n 40 sintimeter heech, giet nei ynformaasjesintrum De Noordwester op Flylân. Hamstra is tige tefreden oer it einresultaat en sil wis en seker ris nei Flylân ta om de fûgel dêr op te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)