Zandt makke ek snielawine mei

Prins Friso © ANP
It ûngelok fan Prins Johan Friso yn Lech ropt oantinkens op by Sicco Zandt. De Dokkumer wie 40 jier lyn mei in groep studinten en dosinten yn Eastenryk doe't er oerfallen waard troch in lawine. Dêrby kamen trije studinten om. De groep wie doe jûns op de iepenbiere dyk ûnderweis doe't de lawine nei ûnderen kaam. De lawine miste Zandt krekt. De snie wie as beton sa hurd.