Toeristen yn de file

Dútske toeristen stiene freedtemoarn al yn de file rjochting Nederlân en Fryslân. Dit peaskewykein set op in soad plakken it toerismeseizoen útein. De Dútsers hawwe ek nochris trije wiken fakânsje.
De earste sifers binne goed, want kempings, hotels en boatsjesferhierders hawwe in soad boekings krige. Benammen it marregebiet yn Súdwest-Fryslân en de Waadeilannen binne populêr. Mar ek de regio Noardwest-Fryslân en it boskgebiet by Bakkefean dogge it goed. Njonken Dútsers witte Belgen Fryslân ek hieltyd better te finen.