Kolleezje Smellingerlân klear

18 apr 2014 - 16:34

De gemeente Smellingerlân hat in kolleezje. PvdA, ChristenUnie, SP en D66 foarmje de koälysje en leverje allegearre ien wethâlder. Nieske Ketelaar (PvdA), Marja Krans (CU), Jos van der Horst (SP) en Ron van der Leck (D66) wurde de wethâlders. De kommende wike wurdt noch wurke oan it kolleezjeprogram en oan de portefúljeferdieling.

De fjouwer partijen hawwe santjin sitten yn de gemeenteried. It is foar it earst dat it CDA bûten it kolleezje falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)