Oanfragen stipe mûne is dreech

18 feb 2012 - 11:04

It oanfreegjen fan in rykssubsydzje foar mûnen is eins net mear te dwaan troch frijwilligers. Dat seit foarsitter Anne Osinga fan de stifting Molens yn Menameradeel. Sy ha acht mûnen, wêrfan't sân in ryksmonumint binne. By oanfragen foar restauraasje moat alles hiel krekt beskreaun wurde. Ek moatte alle details op 'e foto set wurde. Dêrom hiert de stifting foar sokke oanfragen no in bedriuw yn. Osinga wol dat jild leaver oan de mûnen útjaan. Ek it fersekerjen fan mûnen is dreech om't soks kostber is.

Trefwurden: 
subsydzje mûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)