Topdrokte mei seizoenkaarten

18 apr 2014 - 14:23

De ferkeap fan seizoenkaarten fan Cambuur is freedtemiddei fanwege grutte drokte eefkes stillein. Neffens Tjamme Valk fan de ticketferkeap hat it nea sa drok west. De ferkeap moast ophâlde om de grutte stream oanfragen ferwurkje te kinnen, mar koe dêrnei wer los.

De seizoenskaarten foar de noardtribune foar takom seizoen binne al útferkocht. Dêr sit de hurde kearn fan de klup altyd. De east- en de westtribune binne ûnderwilens ek útferkocht.

De kaarten foar it nije seizoen binne rôversguod no't de klup dan ek yn de earedivyzje spilet. Kaartferkeaper Valk ferwachtet dat alle seizoenskaarten takom wike útferkocht wêze sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)