Botsing mei ambulânse yn Snits
By in ûngelok tusken in ambulânse en in auto op De Hemmen yn Snits, is de auto freedtemoarn yn it wetter rekke. De bestjoerder fan de auto koe sels út de auto weikomme. It is net bekend oft der in pasjint yn de ambulânse lei. Beide auto's rûnen grutte skea op it ûngelok.