Gjin flugge boat om iisgong

© Omrop Fryslân / Dirk Jan Haarsma
De flugge boaten nei Flylân farre sneon en snein net. Dat is it gefolch fan de iisgong op de Waadsee en de waarsomstannichheden. De flugge boat fan sneon 17.30 oere fan Harns nei it eilân falt út en ek dy werom nei de wâl. Om 16.45 oere fart wol in ekstra gewoane boat. Ek de boat fan snein 9.00 oere dy't fan Flylân fia Skylge nei Harns giet, falt út. De flugge boat dy't gewoanwei om 10.40 oere fan Harns fertrekt, falt út. Der giet om 9.00 oere moarns in gewoane fearboat fan Harns nei Flylân.