Jobbegea: ûndersyk nei deade

De plysje docht ûndersyk nei de dea fan in 46-jierrige ynwenner fan Jobbegea. It stoflik omskot fan it slachtoffer waard tongersdeitemiddei oantroffen yn syn eigen wente oan Oan de Line.
De oarsaak fan de dea fan de man is noch net bekend. Njonken in ûndersyk fan de technyske resjerzje, docht de plysje freedtemiddei ek in buertûndersyk yn de direkte wenomjouwing fan it slachtoffer.