Fyftjin man pakt nei rellen

18 apr 2014 - 11:30

Yn it ûndersyk nei de Cambuurrellen op 1 april binne oant no ta fyftjin manlju oanhâlden. It giet om Ljouwerters fan 17 oant 37 jier. Trije fertochten sitte noch fêst, ien wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De rest fan de groep is frijlitten.

De groep wist op 1 april mei geweld it stadion yn te kommen nei oanlieding fan it nijs dat Cambuurtrainer Dwight Lodeweges nei SC Hearrenfean giet. Yn it stadion makken de manlju harren skuldich oan iepentlik geweld, fernielings en bedrigings.

De fertochten binne identifisearre mei help fan byldmateriaal. Fyftjin oare supporters hawwe in stadionferbod krige. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)