Brommer botst op auto

18 apr 2014 - 10:33

By in ûngelok tusken in brommer en in auto yn Drylts binne tongersdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. De 20-jierrige bromfytser út Snits joech op de Súdwesthoekewei gjin foarrang oan in auto bestjoerd troch in 52-jierrige frou út Heech. De brommerrider en syn 17-jierrige passazjiere rekken ferwûne. Se moasten nei it sikehûs ta foar behanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)