Snackbar-ynbrekker trappearre

18 apr 2014 - 10:29
Patat - Foto: ANP

In 23-jierrige ynbrekker út Zoetermeer is yn de nacht fan tongersdei op freed op De Jouwer oanhâlden. De man woe ynbrekke yn in kafetaria oan de Prinses Christinastrjitte. Tsjûgen warskôgen de plysje. Dy koe de ynbrekker nei in koarte efterfolging oanhâlde. De man hie ynbrekkersark by him.

(advertinsje)
(advertinsje)