Frachtweinkontrôle by Surch
De plysje hat tongersdeitemiddei tweintich frachtweinen kontrolearre op de A7 en N31 by Surch. Der binne trettjin boetes útdield. Yn de measte gefallen wiene de frachtweinen te swier beladen. Yn ien gefal waard it kenteken ynnaam fanwege in technysk mankemint.