Van Basten nei AZ

Marco van Basten en fuotbalklup AZ hawwe in mûnlinge oerienkomst berikt oer in kontrakt as haadtrainer oant de simmer fan 2016. Van Basten folget dêr Dick Advocaat op. De kommende dagen wurde de lêste formaliteiten ôfrûne.
Van Basten is no noch haadtrainer by SC Hearrenfean. Hy hiel al oanjûn dêr nei ôfrin fan it seizoen op te hâlden. Earder gie Gertjan Verbeek ek al as haadtrainer fan SC Hearrenfean nei AZ.
Marco van Basten hat syn oanstelling yntusken befestige en sjocht út nei syn nije útdaging by fuotbalklup AZ.