Akkoart by Holland Casino

17 apr 2014 - 20:51

Holland Casino hat in akkoart sletten mei de fakbûnen oer in sosjaal plan foar it ûntslach fan hûnderten meiwurkers fan de ferskate kasino's. Dêrmei binne neffens de earste berjochten fierdere aksjes fan de baan. Begjin dizze moanne waard der ûnder oare yn de festiging fan Holland Casino yn Ljouwert noch aksjefierd. Wat krekt de nije ôfspraken binne, wurdt neffens de fakbûnen freed bekend makke.

Trefwurden: 
Holland Casino
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)