Fryske munten fûn yn Utrecht

17 apr 2014 - 17:30

Yn Utrecht is ûnder it Domplein in grutte Fryske muntskat fûn. It giet om 44 munten út de sande ieu nei Kristus. Op de munten stiet in byltenis fan in kening en yn grutte letters Dorestad. Dorestad wie yn dy tiid in wichtich plak foar ûnder oaren de Fryske keningen Redbad en Aldgillis.

De munten binne oan it ljocht kaam yn in grut archeologysk ûndersyk nei de histoarje fan it sintrum fan Utrecht. Nei alle gedachten binne de munten begroeven troch in Fryske keapman. It is foar it earst dat sa'n grutte muntskat út dy tiid fûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)