Pleats nominearre foar priis

In pleats yn Drylts is nominearre foar de priis 'bêste gebou 2014'. De nominaasje komt fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten. It giet om in pleats út 1825 dy't koartlyn ferboud is. Der sitte no trije apparteminten yn. Boppedat is de tún om de pleats hinne ek alhiel nij oanlein. Neffens de sjuery is de fernijing troch de arsjitekt Kees de Haan op in bysûndere wize dien wêrby't âld en nij moai op elkoar oanslute.
Yn de finale moat de pleats it ûnder oare opnimme tsjin it Ryksmuseum yn Amsterdam. Op 20 maaie wurdt de winner bekend makke.