Ryksmuseum twitteret ek Frysk

17 apr 2014 - 14:34

De Fryske Twitterdei fan tongersdei smyt in soad reaksje op. It Ryksmuseum yn Amsterdam twitteret 'Wy hâlde fan Fryslân'. Se setten der in foto by fan in skilderij fan reedriderij yn Ljouwert. De rêders fan de Lifeliner-helikopter fan de Loftfeart Noard-Nederlân twitteren yn it Frysk dat se ûnderweis soene nei Drylts. Sjongeres Iris Kroes twittere dat se ek meidocht oan de Fryske Twitterdei.

#frysk kaam om in oere as ien al mear as 3 miljoen kear foar yn tweets en retweets . De #frysketwitterdei is trending topic.

De plysje yn Ljouwert twitteret yn it Frysk en it Nederlânsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)