Brân by sylskoalle Jiskenhuzen

In brân by syl- en surfskoalle Neptunes yn Jiskenhuzen hat foar tsientûzen euro skea soarge. Dat seit de eigener. De brân ûntstie oan de ein fan de moarn yn it stookhok njonken de sylskoalle. Dy sit yn in âld tsjerkegebou. Omdat yn de tsjerke in soad hout ferwurke sit, waarden meardere brânwachtkorpsen oproppen. Dy koenen lykwols foarkomme dat it fjoer oersloech.
De brân wie oan it begjin fan de middei ûnder kontrôle. Oer de oarsaak is noch neat bekend.