Hearrenfean wer tichter by top

Sportklup Hearrenfean is troch in 1-0 oerwinning op NAC Breda tichtby de kopposysje kaam. De ploech fan trainer Ron Jans stiet noch tredde, mei mar twa punten efter de nûmers 1 en 2, PSV en AZ. Beide ploegen ha noch wol in wedstriid te goed. Hearrenfean wie de bettere ploech tsjin NAC. Filip Djuricic skoarde yn de earste helte de 1-0. Hearrenfean makke it mar net ôf, wêrnei't NAC dochs ek noch kâns op de lykmakker krige.