Ynbraak by bedriuw yn Ljouwert

17 apr 2014 - 12:07

In 40-jierrige ynbrekker út Ljouwert is yn de nacht fan woandei op tongersdei oanhâlden, nei't er oer it mad kaam wie. De man bruts yn by in bedriuw oan de Mariahof.

De eigener waard alarmearre en hy warskôge de plysje. Dy hat de fertochte meinaam nei it plysjeburo. De ynbrekker sit noch fêst.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)