Toskboarstelles op skoalle

17 apr 2014 - 12:04

Bern fan basisskoalle De Beuk yn Sint Nyk krije tongersdei les yn toskboarsteljen. De les wurdt jûn troch Akke Hofstee fan GGD Fryslân.

It is fan 'e wike toskboarstelwike yn Noard-Nederlân. Bern fan goed hûndert basisskoallen yn Fryslan, Grinslân en Drinte leare hoe't se de tosken it bêste fersoargje kinne. De wike is in inisjatyf fan it Ivoaren Krús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)