Automobilist mishannele

Geweld © Omrop Fryslân
In 21-jierrige Ljouwerter en in 29-jierrige frou út Vlagtwedde binne woansdei yn Grins oanhâlden fanwege mishanneling fan in 63-jierrige Grinzer. Dy ried oer de Beneluxwei, doe't de bestjoerder fan in auto achter him begûn te toeterjen. Dêr siet de Ljouwerter yn.
Op de Amkemaheerd stapten de bestjoerders út, wêrnei't de Ljouwerter en de frou de 63-jierrige man mishannelen en syn auto fernielden. De plysje siket út wat der krekt foarfallen is.