Striid tsjin ikeprosesjerûp

16 apr 2014 - 23:20

De ikeprosesjerûp sil ynkoarten yn Sonnegea en Aldetrine bestriden wurde troch de gemeente Weststellingwerf. Ofhinklik fan it waar sille ein dizze wike of begjin nije wike de ikebeammen bespuite wurde mei nematoden (ieltsjes). Mei de natuerfreonlike metoade wurdt foarkommen dat de rûpen groeie en dat der brânhierren ûntstean. Dy hierren binne in gefaar foar de sûnens fan minsk en bist.

De ôfrûne twa jier binne oan de Sonnegawei en Kerkhofsleane 79 nêsten fan de ikeprosesjerûp fuorthelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)