Fúzje lab Vitens en Wetterskip

16 apr 2014 - 22:16

Wetterskip Fryslân wol har laboratoarium ûnderbringe by dat fan wetterbedriuw Vitens yn Ljouwert. Dêrfoar moat it besteande laboratoarium fan Vitens útwreide wurde. Beide ynstellings binne entûsjast oer dit plan. Oft it ek helber is, moat nei de simmerfakânsje dúdlik wurde. Der wurkje 25 minsken op it laboratoarium fan it Wetterskip en 75 by dat fan Vitens.

Dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân tinkt dat der troch de fúzje fan beide laboratoaria goedkeaper wurke wurde sil. De hiele operaasje kin sûnder twongen ûntslaggen.

It is ek logysk omdat wetterlaboratoaria yn hiel Nederlân elkoar no opsykje. As Fryslân achterbliuwt, driigje de laboratoaria te ferdwinen, dat soe neffens Van Erkelens in minne saak wêze om't Ljouwert foarop rint op it mêd fan wettertechnology.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)