TDF Berltsum giet ticht

16 apr 2014 - 21:27

Diskoteek The Dance Factory yn Berltsum slút per direkt de doarren. Eigener Jetze Hoekstra hat dat besletten om't hy bot lêst hat fan de nije hoarekawet, dy't yn stiet dat jeugd oant 18 jier gjin alkohol keapje meie. Hy kin ek net goed mear ynspylje op nije trends om't it hieltyd dreger is om jild te lienen by de bank.

Der wurkje 15 oant 20 minsken by TDF. Hoekstra hat fan 1985 ôf belutsen west by The Dance Factory. Syn frou en bern wurkje ek mei yn it bedriuw. Hoekstra sil him de kommende tiid beriede op wat hy no dwaan sil.

Op de webside fan de diskoteek wurdt it publyk betanke foar de ôfrûne jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)