Jongbloed makket 'dwersbibels'

16 apr 2014 - 18:28

Utjouwerij Jongbloed op It Hearrenfean hat 5000 minybibels makke foar definsje. It giet om in boekje yn it saneamde dwerslizzer-formaat, dat foar de militêren maklik mei te nimmen is. It boekje is 12 by 8 sintimeter en alle 66 bibelboeken út de protestantske bibel stean der yn.

Neffens definsje past de bibel sa yn de boarstbûse fan it unifoarm. Mei de minybibel komt definsje neffens eigen sizzen temjitte oan de winsk dy't der al lange tiid wie by de militêren.

Trefwurden: 
Jongbloed bibel dwerslizzer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)