Gearwurking Meldij en Lawei

17 feb 2012 - 20:27

Skouboarch de Lawei en keunstesintrum de Meldij yn Drachten geane fierder as ien nije kulturele ynstelling. It beslút hat te krijen mei de nijbou fan de Meldij en ferbou fan it teater. As de bouwurksumheden klear binne sitte de ynstellings yn ien gebou. De kommende tiid wurdt ûndersocht op hokker wize de organisaasje fan it Drachtster kultuersintrum krekt foarm krije kin.

De Meldij en De Lawei wurkje no al in soad gear. Troch ien organisaasje te foarmjen kin de kultueredukaasje en it oanbod oan eigen produksjes fan de Lawei op in heger nivo brocht wurde, sa ferwachtsje de direksjes fan de twa ynstellings.

Trefwurden: 
Drachten Lawei De Meldij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)