Boersma stapt definityf op

16 apr 2014 - 17:10

De direkteur fan de Koninklijke Nederlandse Jagers Vereniging, Douwe Boersma, stapt op. Dat hat de bestjoersfoarsitter fan de jagersferiening meidield. De direkteur waard begjin febrewaris betrape doe't er yn mei in lokfluit op guozzen oan it jeien wie. Dat wie yn in stik lân by Drylts.

It jeien mei in lokfluit is ferbean yn Fryslân. Boersma is doe al op non-aktyf steld. No is er opstapt as direkteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)