Petstra wiis mei nominaasje

16 apr 2014 - 15:25

Mariska Petstra fan de meldkeamer Noard-Nederlân is wiis mei har nominaasje foar de titel Helpferliener fan it Jier, mar sjocht it de nominaasje as wurdearring foar de hiele meldkeamer. Petstra waard nominearre fanwege har ynset by de grutte brân yn Ljouwert foarich jier. Op de jûn fan de brân oan De Kelders wurke se op de meldsintrale. Petstra krige de 24-jierrige Idsart Otte oan de tillefoan, dy't úteinlik by de brân om it libben kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)